Frisia bliuwt keninklik

10 sep 2010 - 18:30

Wettersportferiening Frisia út Grou mei ek de kommende fiifentweintich jier it predikaat keninklik brûke. Dat is freed bekend makke by de fiering fan it 150-jierrich bestean fan de feriening. Frisia krige it predikaat by it 100-jierrich bestean takend. Sûnt dy tiid hat de feriening ek in kroantsje yn it logo stean.

It predikaat keninklik wurdt takend foar op syn meast 25 jier. Dêrnei moat it opnij oanfrege wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)