Pake Sytse healoere letter

10 sep 2010 - 17:45

De foarstelling fan Pake Sytse, it iepenloftspul nei it boek fan Rink van der Velde, begjint freedtejûn in healoere letter. De organisaasje ferwachtet dat it dan wer droech is, op dit stuit reint it nammentlik yn De Deelen by De Feanhoop. Dat is it plak dêr't it skik opfierd wurdt.

Net freedtejûn om healwei njoggenen, mar om njoggen oere dus, it iepenloftspul Pake Sytse.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)