Skepsis oer tiden kofjeshop

De lettere iepeningstiden foar Ljouwerter kofjeshops sil net soargje foar minder blowende jongeren. Dat seit Ten Bloemendal fan kofjeshop De Os yn Ljouwert. De gemeente wol dat de shops pas nei fjouwer oere middeis iepen gean sadat jongeren minder de kâns krije om softdrugs te keapjen.
Foarljochting oer drugs liket Ten Bloemendal better. It foarstel fan boargemaster Crone om de skealike wurking fan THC yn weed te ûndersykjen fynt Ten Bloemendal in goed idee.