Fragen oer komst megasupermerk

10 sep 2010 - 14:47

De Ljouwerter VVD easket opheldering fan it gemeentebestjoer oer de mooglike komst fan in megasupermerk nei de stêd. Earder wiisde de gemeente sa'n komst ôf om de besteande winkels te beskermjen.

It Dútske bedriuw Famila hat Ljouwert no opnij frege om nei in geskikt plak te sjen. De gemeente hat oanjûn dat dwaan te wollen. De VVD fernuveret him oer dat stânpunt en wol der dêrom moandei yn in kommisjegearkomste oer prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)