Sporthal Snits net te brûken

10 sep 2010 - 12:36

De grutte brân dy't tongersdei op it dak fan de Sneker Sporthal útbruts hat úteinliks net foar in soad skea soarge. Dochs moatte de ferskate sportferienings foarearst op syk nei in oar plak. De hal, de tribunes en de tastellen yn de hal sitte ûnder it roet. En dat moat earst skjinmakke wurde.

De meiwurkers fan de sporthal binne freed al úteinset om de boel wer skjin te krijen en krije dêrby help fan in spesjalisearre bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)