Bettere help mishannele bern

10 sep 2010 - 12:27

In nij opliedingssintrum foar helpferlieners moat soargje dat slachtoffers fan bernemishanneling yn de takomst folle better holpen wurde. It nije lanlike opliedingssintrum wurdt opset troch de Fryske helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân mei it Kinder- en Jeugdtraumasintrum yn Haarlem.

Om't der no noch gjin oplieding is foar helpferlieners, witte se faak net hoe't se mei bernemishanneling omgean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)