Banken ynvestearje skruten

Banken binne noch hieltyd skruten om in soad jild te ynvestearjen yn bedriuwen. Sa'n 20 persint seit it dreech te finen om jild los te krijen fan de bank. Dat docht bliken út de konjunktuersenkête fan de Keamer fan Keaphannel. Dêr mjitte se de stimming ûnder de ûndernimmers.
Dat is noch altyd it gefolch fan de ekonomyske krisis. Dochs wjerhâldt dy krisis de minsken der net fan in bedriuw te starten. Yn de earste sân moanne gie it tal starters omheech.