Trochriden nei oanriding

De plysje yn Ljouwert is op syk nei in frachtweinsjauffeur dy't tongersdei behelle west hat yn in ûngelok op de krusing fan de Julianastrjitte mei de Willem Lodewijkstrjitte. De noch ûnbekende frachtweinsjauffeur botste tsjin de auto fan in 21-jierrige frou út Dronryp. Der ûntstie in soad skea oan de auto fan de frou.
De frachtweinsjauffeur is trochriden. Op de auto stie de tekst 'Trailer, lease en Sales'. De plysje siket kontakt mei de sjauffeur en tsjûgen.