Ron Jans feroaret neat

Ron Jans begjint mei deselde alve
Hearrenfean-trainer Ron Jans hâldt fêst oan deselde basisalve yn de wedstriid tsjin Vitesse. Dat betsjut dat it middenfjild bestiet út Mika Väyrynen, Christian Grindheim en Viktor Elm.
Jans seit wol dat it lestich is in byld te krijen hoe sterk Vitesse op it stuit is. Troch de komst fan de nije eigner Jordania binne acht nije spilers helle. Ferdigener Arnold Kruiswijk sit noch net by de wedstriidseleksje.