Blauwe enerzjy op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Prins Willem Alexander hat tongersdei op de Ofslútdyk it fisydokumint foar it Wrâld Duorsumens Sintrum Ofslútdyk oerhannige krigen fan Henk Kroes. Kroes is foarsitter fan de Stichting dy't by dat nije sintrum in proefopstelling fan saneamde blauwe enerzjy ha wol.
Blauwe enerzjy betsjut dat der enerzjy helle wurdt út it ferskil tusken it sâlte wetter fan de Waadsee en it swiete wetter fan de Iselmar.