Les Friesland Bank op skoallen

De Friesland Bank jout takom wike les op 8 basisskoallen yn Fryslân. Bern fan groep 7 en 8 krije útlis oer hoe't se ferantwurde omgean kinne mei jild. De Nederlânske banken hawwe yn gearwurking mei ûnder oaren it Nibud in lesprogramma opsteld.
Se hoopje dêrmei bern te learen allinnich saken te keapjen dy't se echt graach ha wolle en dat se gjin jild útjaan kinne dat se net hawwe. It lesprojekt is yn it ramt fan 'de wike fan it jild'