Spanje te sterk foar keatsers
De Fryske keatsers dy't meidogge oan it EK yn Valencia, binne by it ûnderdiel ynternasjonaal spul yn de heale finale útskeakele troch Spanje. Yn de poulefaze waard mei 6-0 ferlern fan Belgie en mei 6-2 wûn fan Frankryk. Dêrmei gie de ploech troch nei de heale finale, wêryn't de Spanjaarden mei 6-4 te sterk wiene.
De Fryske ploech spilet letter op tongersdei noch om it brûns tsjin Belgie. De finale giet tusken topfavoryt Spanje en Itaalje.
Trefwurden:
argyf