Beijers fuort by Tjongerschans

Ruud Beijers
Foarsitter fan bestjoer Ruud Beijers stapt op by sikehûs de Tjongerschans op it Hearrenfean. It ôfskie is opmerklik, want earder hat Beijers mei sukses syn ûntslach oanfochten. Hy waard fertocht fan it wytwaskjen fan jild, mar neffens de kantonrjochter koe dat net bewiisd wurde.
De ried fan tafersjoch jout oan dat der yn goed oerlis besletten is om út elkoar te gean, mar neffens Beijers wie de sitewaasje nei de rjochtsaak ûnhâldber.