Man oppakt foar brân Snits
De plysje hat tongersdeitemoarn betiid in man oppakt yn Snits yn ferbân mei in brân yn in leechsteand gebou oan de IJlsterkade yn de stêd. Der wie brân op de boppeferdjipping fan it pân.
De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. Yn it gebou waard in man oantroffen. Hy is oppakt en sit fêst op it buro.
Trefwurden:
argyf