Lange files A32 It Hearrenfean
Op de A32 by it knooppunt It Hearrenfean stiene tongersdeitemoarn lange files. Ferkear fanút Ljouwert, De Jouwer en Drachten hie te krijen mei fikse fertraging. Rykswettersteat is op de A32 tusken It Hearrenfean en Teridzert dwaande mei wurksumheden, dêrtroch wie der mar ien rydstrook beskikber.
De wurksumheden binne flink útrûn. Dat kaam trochdat der twa asfaltearringsmasines stikken gien binne.
Trefwurden:
argyf