Oerfal op snackbar Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in snackbar oan de Leeuwerikstrjitte yn Ljouwert hat woansdeitejûn in man besocht in oerfal te plegen. De man kaam de saak yn en bedrige it personiel. Hy woe jild hawwe, mar dat woene se him net jaan. Dêrnei is de man útnaaid.
It personiel hat de plysje belle, mar dy koe de man net mear fine. Dêrnei is in burgernet-aksje starten, dy't frij gau laat hat ta de oanhâlding fan in fertochte.