Benefytkonsert foar Johan

08 sep 2010 - 16:51

Der komt in benefytkonsert foar de eardere sjonger fan Twarres, Johan van der Veen. It idee komt fan sjongeres Mirjam Timmer. Se wol jild ynsammelje wol om't Johan slim siik is. Syn senuwen wurde hieltyd mear oantaaste en hy komt yn in rolstoel. Foar oanpassings yn syn hûs is jild nedich.

Piter Wilkens en Syb van der Ploeg ha al tasein. It konsert is op 23 jannewaris. It is de bedoeling dat in ferskaat oan artysten nûmers sjonge út in top 100 dy't Johan betocht hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)