Doutzen: opfiede is priveesaak
Topmodel Doutzen Kroes fynt it ûnfatsoenlik dat guon Friezen har bemuoie mei de opfieding fan har bern. Doutzen ferwachtet yn jannewaris har earste bern.
De Rie fan de Fryske Beweging skreau har in brief mei it fersyk om de poppe yn it Frysk op te fieden. Doutzen sei dat in priveesaak te finen. Se wie woansdei by de opnamen fan in televyzjeprogramma. Dêr sei se dat se no al Frysk tsjin de poppe praat en dat nei de berte ek te dwaan.
Trefwurden:
argyf