Jansma yn petear mei Monako

Bobslider Sybren Jansma komt it kommende seizoen mooglik út foar in team út Monako. Piloat Patrice Servelle, dy't al trije kear mei die oan de Olympyske Spelen, wol Jansma der graach by hawwe.
Neffens Jansma moat it sportbûn fan Monako earst noch tastimming jaan. Dat hinget ûnder oare ôf fan it budzjet dat tasein wurdt oan de bobsliders fan Monako. As it ferhaal net trochgiet sil Jansma him foarearst rjochtsje op syn maatskiplike karriêre.