Minskehannel op spoar nei tips

08 sep 2010 - 11:48

De oanhâldings yn de minskehannelsaak yn Fryslân en Drinte koene dien wurde nei tips. Omwenners fertelden de plysje dat yn in fakânsjehúske yn Appelskea prostitúsje plakfûn. Dêrop sette it Prostitúsjeteam fan de trije noardlike provinsjes útein mei in ûndersyk.

Yn Drachten en Appelskea binne twa mannen oanhâlden. Ek yn it Drintse Assen en Zwiggelte binne twa manlju oanhâlden. Se wurde fertocht fan minskehannel en wytwaskpraktiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)