Help nedich by poppefynst

08 sep 2010 - 10:30

De plysje siket twa motorriders dy't miskien wat sjoen hawwe fan de mooglike fynst fan in poppe yn Wolvegea. In famke út Wolvegea kaam sneon by de plysje mei it ferhaal dat se oan de Steenwijkerweg tusken De Blesse en Wolvegea in libbene poppe fûn hie. In ûnbekende frou op in fyts soe it bern oernimme en nei de plysje bringe, mar dat is net bard.

De twa motorriders, in man en in frou, soene dêrby mooglik helpe kinne. De 30 tips oer de saak ha noch neat opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)