Positive reaksjes Natura2000

07 sep 2010 - 22:37

Gebrûkers fan de Grutte Wielen by Ljouwert binne posityf oer de plannen fan de minister en de provinsje oer it nije Natura 2000 gebiet. Tiisdeitejûn waard it behearplan oan it publyk presintearre, tagelyk mei it wettergebietsplan fan it Wetterskip.

Doel is om seldsume bisten as de porseleinhoen en de Noarske wrotmûs foar it gebiet te behâlden. Neffens de beliedsmakkers ha de plannen gjin gefolgen foar boeren, fiskers en rekreanten yn de omkriten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)