Bestjoer SP Snits opstapt

07 sep 2010 - 21:41

It bestjoer fan de SP yn Snits is tiisdei opstapt. Ek de twadde man yn provinsjale steaten, Richard Klerks út Beetstersweach, leit syn funksje del. De SP'ers binne it net iens mei it beslút fan it lanlik bestjoer om net mei te dwaan oan de riedsferkiezings yn de nije Súdwesthoekegemeente.

Neffens de partij soe de ôfdieling net sterk genôch wêze om meidwaan te kinnen. Earder lei it bestjoer him noch del by de beslissing, mar tiisdei stapte it bestjoer dochs op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)