Jild foar wenningbou Ljouwert

Troch jild fan it Ryk kinne yn Ljouwert 123 wenten boud wurde
Ljouwert krijt 740tûzen euro fan it Ryk om fiif wenningbouprojekten op gong te helpen. It giet om de bou fan 123 wenten op de Kleine Bontekoe, op Techum, op it Bolmanterrein en by De Bleek. De oannimmers krije it jild lykwols pas as se noch dit jier mei de bou útein sette.
Alle gemeenten fan Nederlân koenen ynskriuwe op dizze wenningsbou stimulearingsregeling. Troch de subsydzje is de gemeente der wis fan dat de 123 wenten boud wurde.