Referindum stiet faai

It is noch mar de fraach oft it referindum oer de nije namme fan 'e Súdwesthoekegemeente trochgiet. Op dit stuit binne der noch twa nammen yn byld foar de nije gemeente nei de fúzje. Dy nammen binne de Súdwesthoeke en Sneek/Súdwesthoeke. De heal-Nederlânske namme Sneek/Súdwesthoeke is yn striid mei it Europeeske Hânfest foar Minderheidstalen. De measte gemeente dy't yn 'e fúzje opgean, hawwe Fryske nammen en dêrom kin 'Sneek' net.