Staking treft keatsers

Argyffoto (Henk Bootsma)
De Nederlanske keatsploech is slachtoffer wurden fan de staking op de Frânske luchthavens. De ploech soe tiisdeitemoarn ôfsette nei it Spaanske Valencia dêr't fan 'e wike it Europeesk kampioenskip keatsen is. Mar troch de staking koe it fleantúch net de loft yn.
De ploech fljocht no tiisdeitejûn om seis oere fan Skiphol nei Alicante en dêrwei is it noch 350 km mei de bus nei Valencia. Se komme nei gedachten om tolve oere nachts oan.