Bob Schepers by Oranje -19

07 sep 2010 - 11:15

Bob Schepers is troch bûnskoach Wim van Zwam oproppen foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 19 jier. Dat alvetal spilet tiisdeitejûn oefenwedstriid yn en tsjin Grikelân. De oanfaller stie op de reservelist fan de bûnskoach.

Schepers wurdt op dit stuit troch SC Cambuur útliend oan FC Grins, dêr't hy yn it beloftealvetal spilet. Ofrûne freed siet it talint ek noch op de bank by de wedstriid fan Cambuur tsjin Almere City.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)