Keatstribune yn sleat waaid
Yn Marsum is moandeitenacht in keatstribune omwaaid troch in wynpûster. Hy bedarre foar in part yn 'e sleat. De tribune wie bedoeld foar de haadklassepartijen manlju en froulju dy't it kommende wykein by de Marsumer Merke hâlden wurde sille. It is noch ûndúdlik hoe grut de skea is.
Yn 2004 hie de KNKB ek alris te krijen mei in omwaaide tribune. Dat wie doe by de Aldehoupartij yn Ljouwert.
Trefwurden:
argyf