Poppemystearje: tritich tips

07 sep 2010 - 10:25

Der binne tritich tips kaam oer de fynst fan in lytse poppe yn 'e berm tusken Wolvegea en De Blesse. De gouden tip sit der net by, mar de plysje siket no út hokker ynformaasje mooglik nije oanwizings opsmyt.

It ferhaal fan it famke dat sneon in poppe yn in plestik pûde by de Stienwikerwei oantroffen hawwe soe, is noch net befestige, seit de plysje. De tipjouwers melde foaral dat se dêr in plestik pûde sjoen hawwe. Neffens de plysje giet it pûden mei ôffal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)