Drinkelinge dochs ferstoarn

Foto: Arjen Overmaat
De frou út Snits (29) dy't freed by de Ferlaatsbrêge yn Ljouwert mei de auto yn it wetter rekke, is moandei ferstoarn. Se frou hie de auto oan de Harnzertrekwei delset en woe fuortride. Se ried lykwols net achterút, mar foarút it wetter yn. Se koe de auto net útkomme.
Dûkers fan 'e brânwacht binne ynset en hawwe har boppe wetter helle. Yn kritike tastân is de frou nei it sikehûs ta brocht dêr't se ferstoar.