Sintrale As echt fjouwerbaans
De Sintrale As wurdt gewoan fjouwerbaans. Dat sei deputearre Piet Adema moandeitejûn op in ynformaasjegearkomste oer de dyk. Ferline wike die út in evaluaasje bliken dat de groei fan it ferkear op it noardlike part fan de rûte tafalt.
It oanlizzen fan de Sintrale As soe dêrom net perfoarst needsaaklik wêze of de dyk soe mooglik twabaans wurde kinne. Neffens Piet Adema is dêr lykwols noch gjin stânpunt oer ynnaam. Dat bart ein dizze moanne.
Trefwurden:
argyf