Twaddehânsboatebeurs yn WTC

06 sep 2010 - 22:04

It WTC Expo yn Ljouwert hâldt ein oktober in twaddehânsboatebeurs. Dy krijt de namme 'Bootoutlet'. Bedriuwen en partikulieren kinne op 'e beurs harren boaten te keap oanbiede. It giet dan om motorboaten, sloepen en syljachten.

It is foar it earst dat it WTC in twaddehânsboatebeurs beurs hâldt. De Bootoutlet is op sneon 23 en snein 24 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)