Kavelferkeap Súdlannen falt ôf

Nettsjinsteande de ôffallende ferkeap fan kavels wol de projektgroep fan de nijbouwyk de Súdlannen yn Ljouwert ek de kommende jierren mei kulturele aktiviteiten reklame meitsje. Op dit stuit fiert Tryater it stik Down South op yn de wenwyk.
Doel is om minsken út de regio nei de wyk te lûken sadat se sjogge wêr't it leit en dat der wat te rêden is. Trochdat der minder kavels ferkocht wurde, is der wol minder jild foar de kulturele aktiviteiten.