Frou ferwûne by fal fan hynder

06 sep 2010 - 11:11

In 48-jierrige frou út it Oeriselske Brucht is snein ferwûne rekke doe't se op Skylge fan in hynder foel. De frou hearde by in groep dy't fan Formearum nei Midslân ûnderweis wie. By Landerum skrokken de hynders fan in gersmeaner. Twa froulju foelen fan har hynder.

De frou dy't ferwûne rekke, is mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht en dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)