Jonge fernielt tsjerkerút
In 15-jierrige jonge út Frjentsjer is snein oanhâlden nei't er yn de Professor Holwardastrjitte in rút fan in tsjerke fernield hie.
De jonge hearde by in groep. Doe't de plysje in oare knaap oanhâlde woe, melde de dieder him sels. Neffens de jonge hie er it rút fernield om't er rúzje hân hie.