Rydbewizen drankriders ynnaam
De plysje hat ôfrûne wykein trije rydbewizen ynnaam. Twa kear hie in bestjoerder te folle drank op. Dat gie om in 26-jierrige ynwenner fan Ternaard en in 29-jierrige man út Ingwierrum.
In 32-jierrige automobilist út Stienwyk raasde op de A32 mei 177 kilometer yn de oere foarby, wylst 120 kilometer it maksimum is.
Trefwurden:
argyf