Dieven yn Twizel betrape

Bewenners fan de Bosselân yn Twizel hawwe snein in 27-jierrige dief út Twizelerheide op 'e die betrape. De man helle mei in maat allerhande guod út in garaazje en sette dat om de hoeke klear om mei te nimmen.
Omwenners fertrouden de saak net. Doe't se seagen dat de garaazje iepenbrutsen wie, giene se achter de dieven oan. Se koene ien fan harren te pakken krije. De dief is oerdroegen oan de plysje en opsletten.