Tsjûge pakt dief I-pad

06 sep 2010 - 10:18

In 38-jierrige man út Assen is snein oanhâlden nei't er by in boat yn de Prinsetún yn Ljouwert ynbrutsen hie. De man naam in I-pad mei, mar waard trapearre troch tsjûgen.

Doe't de plysje oankaam, hiene de 43-jierrige eigner út Amsterdam en in tsjûge de man al pakt. De dief is in bekende fan de plysje. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)