Libbene poppe yn pûde fûn

06 sep 2010 - 09:43

In famke út Wolvegea hat sneon tsjin de plysje sein dat se in poppe yn in plastic pûde fûn hie. Dat wie yn de berm fan de Steenwijkerweg tusken De Blesse en Wolvegea. Doe't it famke by de noch libbene poppe stie, kaam der in frou oan fytsen. Dy sei dat se de poppe meinimme soe nei de plysje, mar dêr hat se nea west.

De plysje hat in grutte syktocht opset wêrby't ek in hûn ynset is, mar koe neat fine. De plysje siket no de poppe en tsjûgen dy't de frou sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)