Partoer Van der Bos wint wer

It partoer Gert-Anne van der Bos wûn yn Penjum (argyffoto: Henk Bootsma)
De frije formaasjepartij by it keatsen snein yn Penjum is wûn troch it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn in iensidige finale waard it partoer Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra oan de kant set. Op 5-1 en 6-6 makke Gert-Anne van der Bos de partij út mei in sitbal.
De lytse preemje wie foar Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn. Daniël Iseger waard ta kening keazen.