Man jout plysje soad wurk

De plysje hat it sneontenacht drok hân mei de oanhâlding fan in 32-jierrige automobilist út Noardburgum. Dy krige yn syn wenplak in stopteken, mar hy naaide mei in snelheid fan 140 út op in dyk dêr't er mar 50 mocht. Uteinlik sette de man syn auto oan 'e kant fan de dyk en draafde fuort.
De man waard letter troch plysjes fûn yn in tún, mar omdat er him bot fersette slagge it dy plysjes net him oan te hâlden. Dat slagge letter wol by de man thús.