Wer winst partoer Maaike Wind

05 sep 2010 - 12:50

De lêste frije formaasjepartij foar froulju sneon yn Broeksterwâld is wûn troch it partoer Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema. Yn de finale dy't in werhelling wie fan de ôfrûne froulju's PC waard it partoer fan Afke Kuipers , Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-1 en 6-4 oan de kant set. It wie de njoggende oerwinning fan it seizoen foar it partoer Wind.

De tredde priis wie foar de partoeren Joukje Kuperus en Imke van der Leest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)