Skriuwers op eilân Lauwersmar

05 sep 2010 - 12:37

Fyftjin skriuwers litte har de kommende wiken frijwillich opslute yn in arkje dat leit by in eilân yn it Dokkumerdjip op de Lauwersmar. It is in projekt fan it VPRO-radioprogramma De Avonden.

Doel is te sjen oft de skriuwers in wike oerlibje kinne sûnder kontakt mei de bûtenwrâld en wat dat docht mei har kreativiteit. Alle dagen moatte se in radioferslach ynleverje. Skriuwster Paulien Cornelisse is de earste gast yn it arkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)