Noorderlicht fan start

05 sep 2010 - 11:15

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is sneon de foto-eksposysje Noorderlicht iepene. De tentoanstelling lit sjen wat der oerbleaun is fan it plattelân no't in soad minsken nei de stêd lûke. In spesjaal plak is der foar fotografe Eva Gjaltema. Sy hat it libben fan har pake en beppe yn it Westerkwartier yn Grinslân fêstlein.

In twadde part fan de tentoanstelling hinget yn de Blokhúspoarte. Under de titel 'Warzone' binne dêr foto's út Afganistan en Irak te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)