Winst Harkemase Boys

04 sep 2010 - 16:51

Topklasser Harkemase Boys hat yn Hardenberg mei 2-1 wûn fan HHC. De ploech fan trainer Henk de Jong kaam nei njoggen minuten op in 1-0 efterstân. Dy stân stie by it skoft ek op it skoareboerd.

Yn de 63e minút wie it Dennis Krohne dy't nei in prachtige oanfal de lykmakker makke. Harvey Bischop makke de winnende treffer foar de Boys. Harkemase Boys hat seis punten út fjouwer wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)