Dwerse man yn boeien slein

04 sep 2010 - 13:42

De plysje hat freedtejûn op It Hearrenfean in 29-jierrige ynwenner fan dat doarp yn 'e boeien slaan moatten om him oanhâlde te kinnen. De man waard oppakt omdat er syn middelfinger nei in plysje opstutsen hie, doe't er in boete krige omdat er de autoriem net om hie.

Doe't de plysjes him oanhâlde woene, fersette de man him bot, ek bedrige er in plysje en besocht er him te mishanneljen. De man is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)