Syljacht yn problemen by Skier

04 sep 2010 - 11:22

Ien fan de rêdingsboaten fan Skiermuontseach hat freed in syljacht út Makkum helpe moatten. It syljacht wie oan 'e súdkant fan Skiermuontseach yn 'e problemen rekke, omdat der wat yn 'e skroef kaam wie.

De sylboat koe dêrtroch net fierder farre. De rêdingsboat hat it syljacht nei de haven fan Lauwerseach sleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)