Gjin simmerpeil yn Fryslân

03 sep 2010 - 16:26

In nij natoerfreonlik wetterpeilbehear foar it Fryske boezemwetter is fan de baan. It is te djoer, sa docht bliken út ûndersyk fan it Wetterskip Fryslân.

Yn it nije behear soe wurke wurde mei fariabele wetterstannen foar de winter en foar de simmer. Om dat foarinoar te krijen moat lykwols in lytse hûndert miljoen euro ynvesteard wurde. Sa soene kades op guon plakken ferstevige wurde moatte en soene brêgen ferhege wurde moatte om de skippen ek by heech wetter trochgong te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)