KNRM komt mei 'wetterwizer'

Helpferlieningstsjinsten en oerheden wolle mei in saneamde 'wetterwizer' better taret wêze op slimme insidinten op it wetter. Alle jierren binne der allinnich al op de Waadsee sa'n 400 insidenten. Meastentiids giet it om 'man oer board' of lytse brantsjes.
De wichtigste ôfspraken oer alarmearring en it lizzen fan ferbinings binne no yn de wetterwizer fêstlein. Yn de praktyk moat it boekje libbensrêdende tiidswinst opleverje by rampen op it wetter.