Achttjin % diken noch te swak

Noch net alle see- en Iselmardiken yn Fryslân foldogge oan de wetlike easken. Ut de lêste mjittings docht bliken dat goed 18 % noch net oan alle noarmen foldocht. Yn de buert fan de Lauwersmar en Peassens/Moddergat is de kwaliteit fan de asfaltlaach op de dyk net goed mear. Hjir moat binnen 5 jier wat oan dien wurde.
Op It Amelân binne de diken net oeral heech genôch. Hjir wurdt wurke oan in dykfersterkingsplan.